Plysje Ljouwert hâldt grutte opspoaringsaksje nei ynbrekkers

Ferkearskontrôle © ANP
De plysje hat tongersdeitejûn op ferskate plakken yn Ljouwert kontrôles holden. De aksje wie benammen rjochte op it opspoaren fan ynbrekkers. Der binne mear as 4600 kentekens kontrolearre. De plysje koe 26 kear in kenteken yn ferbân bringe mei bekende ynbrekkers.
Dêrneist waard foar 2200 euro oan iepensteande boetes binnen helle. Ien man hie safolle boetes iepenstean, dat hy de sel yn moast. Twa auto's waarden yn beslach naam fanwege in belestingskuld.