"ING bank hannele 'net sjyk' by fallisemint De Sionsberg"

De ING hat 'net sjyk' hannele troch flak foar it fallisemint fan sikehûs De Sionsberg it jild foar de salarissen net út te beteljen. Dat seit Norbert Hoefsmit, ynterimbestjoerder by Soarchgroep Pasana. Der stie noch sa'n 3 miljoen op de bank foar de leanen, mar it wykein foardat dy útbetelle wurde soene, helle de ING it jild werom.
Foardat it fallisemint útsprutsen waard, sieten de bestjoerders mei de banken om tafel om te sjen oft it mooglik wie om allinnich it sikehûs fallyt gean te litten en net de âldereinsoarch. Dat koe doe net.
No snein is by Omrop Fryslân televyzje de dokumintêre 'De Slach om De Sionsberg' te sjen.