28 meiwurkers fan Brink's Drachten ferlieze harren baan

By de Drachtster fêstiging fan jildtransporteur Brink's ferlieze 28 minsken harren baan. Dat docht bliken no't de ûnderhannelings oer it sosjaal plan klear binne. Leden fan it fakbûn CNV binne akkoart gien mei it nije foarstel foar in sosjaal plan.
Brink's kin no fierder mei de reorganisaasje. Dat is nedich om't it bedriuw it jildtransport foar de Rabobank en de ABN Amro ferlear. Fan de yn totaal 1000 meiwurkers by alle Brink's fêstigings moatte sa'n 600 op syk nei in oare baan. By de Drachtster lokaasje wurkje mear as 60 meiwurkers.
Drachten springt der relatyf sjoen posityf út, seit CNV bestjoerder Peter de Ridder. Dat komt om't de fêstiging yn Zwolle ticht giet en it wurk dêr ferdield wurdt oer oare fêstigings, werûnder Drachten.
Der wurdt sjoen oft de meiwurkers fan Brink's oan de slach kinne by Geld Service Nederland.