Plysje hâldt koperdief oan op It Hearrenfean

It stellen koper dat yn de auto lei © Plysje Hearrenfean
Leden fan de frijwillige plysje op It Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn in koperdief oanholden. De plysje seach op de Van Dekemaleane in auto dy't ferkeard parkeard stie. Doe't se de bestjoerder oansprutsen, seach de plysje stellen koper yn de auto lizzen. In twadde man dy't yn de auto siet, naaide út, mar de plysje wit om wa't it giet.