Swimbad yn Boalsert bliuwt iepen

20 feb 2015 - 09:36

It swimbad yn Boalsert bliuwt foarearst iepen, mar moat wol besunigje. Dat is tongersdeitejûn besletten yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. De gemeente moat 377.000 euro besparje op de fjouwer swimbaden yn de gemeente.

Yn eardere foarstellen stie dat it swimbad yn Boalsert ticht moast. It bad kin no iepen bliuwe, ûnder oare mei help fan frijwilligers. De gemeenteried wol dat it kolleezje no ûndersiket oft nijbou fan it swimbad yn Warkum mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)