Roemer: "Aldereinsoarch kin selsstannich fierder"

Emile Roemer fan de SP © ANP
SP-lieder Emile Roemer fynt dat de sân soarchynstellings foar âlderein fan de fallyt ferklearre Pasana Zorggroep selsstannich fierder kinne moatte. Hy sei dat nei syn besite oan Dokkum. Roemer stelt dat dizze sân soarchynstellings al jierren finansjeel sûn binne en no bot te lijen hawwe fan it fallisemint fan de folsleine soarchgroep. De kuratoaren fan Pasana Zorggroep wurkje noch altyd oan in oername. Sy stribje dernei om dat foar 1 maaie regele te hawwen.