De ferbou en nijbou fan Thialf is offisjeel úteinset

Mei it stikken slaan fan in grut iisblok is tongersdeitemiddei it offisjele startsein jûn foar de fernijbou fan iisstadion Thialf. De kaai fan de iisbaan is oerdroegen oan bouwer Ballast Nedam. De kommende moannen sil der hurd wurke wurde oan it earste stik fan de ferbouwing. Want yn de winter fan 2016 moat de baan wer iepen foar publyk.
It nije Thialf moat ien fan de bêste topsporttrainingsfasiliteiten fan de wrâld wurde. Net allinnich foar it langebaanreedriden, mar ek foar shorttrack, inlineskaten en keunstriden.