Reade tried: Wat wie jo favorite film fan it ôfrûne jier?

20 feb 2015 - 05:59

Snein wurde yn Amerika de Oscars útrikt: de wichtichste filmprizen fan it jier. Dat ropt by ús de fraach op wat jo moaiste film fan it ôfrûne jier fûnen. Foar bêste film binne ûnder oaren nomineard: Birdman, American Sniper, The Grand Budapest Hotel en Whiplash. Miskien sit jo favoryt dêr al tusken, mar miskien tinke jo oan in folslein oare titel. Dat mei fansels ek.

Wat wie jo favorite film fan it ôfrûne jier? En wêrom?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)