Mûner yn Burdaard benaud foar ipen dy't om de mûne steane

De wyn wurdt út de wjukken naam fan de mûne yn Burdaard. Alteast, dêr is de mûner benaud foar. Oan de noardkant fan de mûne binne 59 lytse ipebeammen plante. De mûner tinkt dat as de ipen grutter wurde, de mûne yn de lijte komt te stean. Dit sil noch seker fjirtich jier duorje, mar mûner Jan Tollenaar fynt it no al wol de muoite om oan de belle te lûken.
De lytse beamkes binne in stik makliker te ferpleatsen as de grutte beammen.