Bysûndere muntskat fûn tusken Boalsert en Snits

19 feb 2015 - 14:26

Op in earder kleasterterrein tusken Snits en Boalsert hawwe archeologen in bysûndere muntskat fûn. It giet om 51 munten út de jierren 1244 oant 1311. It binne 13 ferskate soarten út Ingelân, Flaanderen en Nederlân.

It giet om munten dy't in soad yn dizze regio brûkt waarden. Under de munten is ek in saneamde Grosso munt, dy't yn perfekte steat is. It is net bekend hoe't en werom't de munten hjir begroeven binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)