Plannen foar in kleanbank yn Noardeast-Fryslân

In groep frijwilligers is dwaande mei de oprjochting fan in kleanbank yn Noardeast-Fryslân. De groep hat dêrfoar in stichting oprjochte mei de namme Kledingbank Noordoost-Friesland. Se ha al twa souders fol mei klean, mar sykje noch wol in ûnderkommen.
Neffens inisjatyfnimmer Jutta Klitsie fan Ferwert is der in soad ferlet fan in kleanbank yn dizze regio.