El Makrini net ynsetber by Cambuur

19 feb 2015 - 13:01

Mohamed El Makrini kin yn de útwedstriid fan Cambuur by NAC Breda freed net ynsetten wurde. De middenfjilder hat in ankel- en knibbelblessuere oerhâlden oan de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. Mooglik is Mart Dijkstra syn ferfanger, mar dêr woe trainer Henk de Jong gjin definitive útspraak oer dwaan.

Achteryn bliuwt de opstelling itselde. Droste, Reijnen, Bijker en Vytas foarmje de lêste liny. Ogbeche is werom fan in skorsing, mar Martijn Barto stiet neffens De Jong wol yn de basis, nei de prima wedstriid tsjin SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)