Stil protest yn Frjentsjer en Menaam oer húshâldlike help

Wethâlder Bekkema fan Frjentsjerteradiel fynt it net nedich om mei alle âlderen dy't mooglik harren húshâldlike help kwytreitsje, keukentafelgesprekken te hâlden. Hy sei dat tongersdei tsjin minsken fan de FNV, dy't in lytse demonstraasje holden foar it gemeentehûs.
Sy fine it net goed dat de gemeente minsken in brief stjoert of opbellet mei de meidieling dat harren húshâldlike help per 1 april stopsetten wurdt. Sy wolle dat de gemeente by de minsken thús in keukentafelgesprek fiert.
Mar neffens wethâlder Bekkema is in gesprek by de minsken thús allinnich needsaaklik foar thússoarch, en net as it giet om húshâldlike help.