Krityk reedrydster Carien Kleibeuker op Frysk Sportgala

19 feb 2015 - 09:54
  • Ireen Wust (L) Carien Kleibeuker (R) Huldiging yn it Holland Heineken House

Reedrydster Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean hat krityk op de organisaasje fan it Fryske Sportgala fan woansdeitejûn. Op Twitter seit Kleibeuker: "Olypmpische Spelen tellen blijkbaar niet in Fryslân. Jorrit (Bergsma) geen prijs en Friese medaillewinnaars geen uitnodiging. #tja".

Kleibeuker helle yn 2014 brûns op de 5000 meter by de Olympyske Spelen yn it Russyske Sotsji.

Neffens Sport Fryslân is Kleibeuker wol útnoege. Se hat in e-mail krigen mei de útnoeging. De mailadressen krijt Sport Fryslân fia NOC*NSF. Ferline jier wie Kleibeuker ek op dizze wize útnoege. Doe wie se wol oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)