Frachtweinsjauffeur hat fierstente folle ljocht op syn wein

19 feb 2015 - 09:50

De plysje hat tongersdeitemoarn by Sint Anne in frachtweinsjauffeur warskôge om't hy te folle ljocht oan hie. Neffens de plysje hie de man safolle lampen op de foarkant fan syn frachtwein dat it oare ferkear dêr lêst fan hie.

De plysje wie dwaande mei snelheidskontrôles op de Aldebiltdyk by Sint Anne en Moaije Peal by Minnertsgea.

Trefwurden: 
ljocht plysje frachtwein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)