Mear meldings ôffaldump drugslaboratoaria

19 feb 2015 - 07:13

Meld Misdaad Anoniem is ferline jier faker tipt oer drugslaboratoaria en it dumpen fan gemysk drugsôffal yn de natuer. Yn beide gefallen giet it om in stiging fan 50 prosint. Dat docht bliken út de jiersifers fan Meld Misdaad Anoniem. Nei oanlieding fan 161 tips oer drugslabs binne 16 fertochten oanhâlden. Yn Fryslân wurdt ek hieltiid mear ôffal dumpt. It giet dan benammen om bouôffal en ôffal fan himpkwekerijen.

It oantal tips oer ynbraken en oerfallen op wenningen by Meld Misdaad Anoniem is ek tanaam.

Mei de hast 16.000 meldings dy't Meld Misdaad Anoniem trochspile nei de plysje, binne hast 2000 fertochten oanhâlden en mear as 1500 misdriuwen oplost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)