De Heak by Goutum wer iepen

18 feb 2015 - 20:35

De Heak om Ljouwert by Goutum yn de rjochting fan Drachten is wer iepen. Rykswettersteat joech de dyk om sân oere wer frij. In betonmikswein krige woansdeitemoarn in klapbân en botste op de fangrail. Dêrby kaam de frachtwein op syn sydkant te lizzen. De sjauffeur rekke net ferwûne.

In berger hat de frachtwein wer rjochtop setten en fuortsleept. Troch de botsing lekte der disel út de tank, dy't op de dyk kaam. Rykswettersteat is al de hiele dei dwaande mei it skjinmeitsjen fan de dyk. Ek is de fangrail ferfongen.

In part fan de disel kaam yn it ôfwetteringssysteem, dat leechpompt wurde moast. Rykswettersteat stelde in omlieding yn foar it ferkear rjochting Drachten, dat fia de Hendrik Algrawei ride moast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)