Feriene Lofts stelt fragen oer skieding op kenniskampus

18 feb 2015 - 19:25

De fraksje fan Feriene Lofts hat fragen stelt oan it kolleezje fan Ljouwert oer de berjochten dat manljus- en frouljusstudinten op de kenniskampus yn Ljouwert fan inoar skieden wurde op grûn fan religy. Neffens de partij biedt ferhierder Study to Stay in skieden akkommodaasje oan studintes út it strang islamytyske lân Qatar. Dit soe troch Stenden Hegeskoalle goedkard wurde.

Feriene Lofts wol fan it kolleezje witte oft dizze berjochten ek by harren bekend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)