Akwadukt Drachtsterplein giet 31 maart 2016 iepen

Autoferkear kin fan 31 maart 2016 ôf troch it akwadukt yn de Drachtsterwei ride. Dizze nije planning hat de provinsje woansdei bekend makke mei de bouwer Heijmans. Ein 2016 moatte alle oare wurksumheden om it akwadukt hinne ek klear wêze. It akwadukt rint dêrmei wol achter op de planning, want it hiele akwadukt soe maart 2016 klear wêze moatte. Heijmans rûn fertraging op mei de bou omdat de grûn hurder wie as ferwachte. Ek sieten der in soad stiennen yn de grûn. De bouwer sil no in oar type peallen brûke.
Sawol de provinsje as Heijmans wol net sizze wat de mearkosten binne fan de fertraging by it projekt. Wol is bekend makke dat alle mearkosten betelle wurde troch Heijmans. Dizze maitiid is it earste part oan de súdkant fan it akwadukt al klear en beskikber foar de skipfeart. Dizze simmer is ek de oare kant klear en kin it skipfeart wer sûnder hinder trochfarre.