"Provinsje kin gjin jild foar mûzeskea jaan, wol liene"

18 feb 2015 - 16:49

De provinsje kin net samar jild jaan oan de boeren dy't troffen binne troch de mûzepleach. It risiko dat de Europeeske Kommisje dat net goed fynt fanwege 'steatsstipe', is te grut, warskôget deputearre Johannes Kramer. Hy referearret oan de tongblierkrisis fan 2001, doe't de provinsje ek yn in soartgelike sitewaasje siet. Kramer bliuwt derby dat it jaan fan lienings de bêste oplossing is. Hy rûst dat der sa'n 200 Fryske boeren yn de problemen komme troch de mûzeskea. Hy freget de steaten sa'n 8 miljoen euro te reservearjen.

Freed begjint it Faunafûns mei de taksaasjes. De útslaggen dêrfan moatte mids maart, begjin april bekend wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)