Undersyk nei bou rjochtet him op lean en juridyske regels

It ûndersyk fan de provinsje nei mooglike misstannen by Fryske bouprojekten rjochtet him op twa aspekten, seit deputearre Sietske Poepjes. Oan de iene kant wurdt sjoen nei hoefolle bûtenlânske wurknimmers en hoefolle Nederlânske wurknimmers betelle krigen hawwe.
Dêrnjonken wurdt ek sjoen nei hokker juridyske regels fan tapassing binne op de boufakkers fan bûten Nederlân. Poepjes seit dat der in soad regels binne en hat dêrom in ûnôfhinklik jurist frege om it ûndersyk te dwaan.
Fakbûn FNV beskuldige twa wike lyn de boubedriuwen dy't belutsen binne by de oanlis fan it akwadukt fan it Drachtsterplein yn Ljouwert en de fiadukten by Feanwâlden en Damwâld dat se rommele hawwe soene mei de CAO en belesting -en preemjeôfdrachten. De boubedriuwen ûntkenne dit.
De provinsje wol binnen twa moanne de resultaten hawwe. Mooglike misstannen moatte dan by de rjochtbank of arbitraazjeried útfochten wurde. Dêryn is de provinsje gjin partij, sa seit Poepjes.