Man slim ferwûne by ûngelok op It Amelân
Op It Amelân is in ynwenner fan Ballum slim ferwûne rekke by in ûngelok. It 33-jierrige slachtoffer rekke tiisdeitenacht troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in beam. Dat barde op Burewei by Nes.
De man is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok.