Eskebeammen sneuvelje troch skimmelynfeksje

18 feb 2015 - 06:49

De stjerte fan esken yn ús provinsje nimt de lêste jierren bot ta. Dat wurdt feroarsake troch in skimmel dy't oerwaait út it bûtenlân. Nei Grinslân is it probleem no sa stadichoan ek rûnom yn Fryslân te fernimmen.

De sykte is te sjen oan de tûken fan de esk: der komt gjin blêd mear oan, se wurde swart en falle der úteinlik ôf. De saakkundingen sitte mei de hannen yn it hier. Dêrom is der woansdeitemiddei in saneamde 'expert-meeting'. Der binne ferskate saakkundigen oanwêzich om oer in oplossing te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)