Boargernetaksje foar fermiste frou Starum

18 feb 2015 - 06:31

De plysje is op syk nei de 59-jierrige frou De Vries út Starum. Frou De Vries wurdt sûnt tiisdeitemiddei twa oere fermist. Se is doe fuortgong op in swarte frouljusfyts mei grize fytstassen. Frou De Vries is sa'n 1 meter 60 grut, hat read hier en hie tiisdei swarte klean oan.

Om der achter te kommen wêr't se is, waard tiisdeitejûn in boargernetaksje hâlden. Dy hat oant no ta gjin resultaat hân. Fanwege epilepsy hat frou De Vries driuwend medisinen nedich.

Trefwurden: 
fermissing Starum boargernet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)