Nije wethâlder Eaststellingwerf beneamd

Gemeente Eaststellingwerf © Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Eaststellingwerf hat VVD-er Sietse Derks tiisdeitejûn beneamd ta nije wethâlder. Hy folget Jan Henk Veenhouwer op, dy't ûntslach út de funksje naam hat omdat er him rjochtsje wol op syn nije bedriuw. Sietse Derks komt út De Fochtel. Syn plak yn de ried wurdt ynnaam troch Hans Welle út Appelskea.