Opnij provinsjale subsydzje foar opknappen goedkeap keaphûs

17 feb 2015 - 20:28

De provinsje komt opnij mei in subsydzjeregeling foar it opknappen fan goedkeape keapwenten. Nije eigeners kinne in bydrage fan 5.000 euro krije. Betingst is wol dat it hûs net djoerder wêze mei as 180.000 euro, foar de Waadeilannen jildt in maksimumbedrach fan 265.000 euro. It is de tredde kear dat de provinsje mei in renovaasjesubsdyzje komt. Oanfragen kinne fan 28 maart ôf dien wurde. Meielkoar is der 300.000 euro beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)