Nije cao foar de rekreaasjesektor

17 feb 2015 - 19:32

Wurknimmers yn de rekreaasjesektor krije der oant 1 july 2016 3,5 prosint lean by. Dat stiet yn de nije cao, dy't fakbûn FNV Recreatie ôfsletten hat mei wurkjouwersorganisaasje Recron. Neist de leansferheging wurde ek de jeugdleanen ôfskaft en komt der belied om wurknimmers op leeftyd sûn en motivearre wurkje te litten.

De cao jildt foar 28.000 wurkjenden yn bungalowparken, op campings en yn swimbaden. Mear as de helte fan har is frou.

Trefwurden: 
CAO Recron rekreaasjesektor
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)