Utslaande brân yn frijsteand wenhûs op 'e Harkema

17 feb 2015 - 17:47

In frijsteand hûs oan de Wopkeleane op 'e Harkema is tiisdeitemiddei by in brân flink skansearre rekke. It fjoer bruts om in oere as fiif út, wêrtroch is noch net dúdlik. Omdat dreech oan wetter te kommen wie waard der opskaald nei in middelbrân, dêrtroch kaam der mear materiaal beskikber. It fjoer wie dêrop flot blust, mar de brânwacht koe net foarkomme dat de boppeferdjipping ferlern gie. De bewenners koenen op tiid út is hûs komme, ek de kat koe rêden wurde.

Trefwurden: 
brân De Harkema Wopkeloane
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)