Gjin twadde fytstunnel yn rûnwei Hurdegaryp

Der komt definityf gjin twadde fytstunnel by de nije rûnwei fan Hurdegaryp. It doarp hie om de twadde tunnel frege, mar de oanlis fan de tunnel soe te djoer wurde en is neffens de provinsje ek net nedich. De tunnel soe it doarp ferbine moatte mei de Slachtedyk, mar yn it nijste plan ferfalt de hiele oergong.
It skrassen fan de tunnel soarget der foar dat fytsers gebrûk meitsje moatte fan in fytstunnel in pear hûndert meter fierderop. De provinsje wol noch mei it doarp yn petear oer dizze nije plannen.
It doarp Hurdegaryp hie ek noch frege om it skrassen fan in krúspunt yn de rûnwei. Dat is wol slagge. Dat wurdt yn de nije sitewaasje in saneamde turborotonde. It plan kostet yn totaal 15,5 miljoen euro en moat yn 2018 klear wêze.