Wurkgroep ferûntrêste ynwenners komt mei plan Westergoawei

17 feb 2015 - 16:53

In wurkgroep fan ferûntrêste ynwenners út de doarpen oan de Westergoawei wol dat de Westergoawei ferdjippe oanlein wurdt. Op de provinsjale dyk tusken Wommels en Boalsert barre regelmjittich slimme ûngelokken. De provinsje hat al in plan klear foar de oanlis fan grutte fiadukten om de krusings feiliger te meitsjen. Mar de doarpen komme no sels mei in askjeplan.

Deputearre Sietske Poepjes is entûsjast oer de foarstelde maatregels fan de wurkgroep, al sil útfiering noch wol efkes duorje. It plan fan de wurkgroep wurdt serieus besjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)