Reade tried: De tsjerke hat gjin takomst mear

18 feb 2015 - 05:59

De PKN, de Protestantse Kerk Nederland, wol fia in enkête útfine wat der libbet ûnder de twa miljoen leden. Noch nea earder binne tsjerkegongers op dizze wize belutsen by de takomstplannen fan de protestantske tsjerke. Der wurde ûnder oare fragen steld oer it imago fan de PKN, oer it persoanlik leauwen en it amt fan dûmny. Neffens de PKN is de tsjerke hjoed-de-dei net mear fanselssprekkend en wurdt dêrom dizze enkête holden. Minsken kinne him oant 31 maart online ynfolje. Komme jo noch wolris yn tsjerke? Wêrom wol of: wêrom net? Binne jo teloarsteld yn tsjerke, wat soe der feroarje moatte? Hat de tsjerke noch takomst of is it dien?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Joost van den Brink is predikant yn de grifformearde tsjerke yn Wynjewâld, en ek hy folde hjoed de enkête yn, tegearre mei ferslachjouwer Karen Bies. Ien fan de fragen giet bygelyks oer it beklaaien fan funksjes yn tsjerke, lykas âlderling of diaken. Ha minsken tsjintwurdich noch wol sin om dat te dwaan?

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)