Grut ûndersyk nei de takomst fan de protestanske tsjerke

17 feb 2015 - 15:10

Hoe moat it fierder mei de tsjerke? De twa miljoen gemeenteleden fan de protestantske tsjerke yn Nederlân krije dizze fraach foarlein. It is foar it earst dat in tsjerke op sa'n grutte skaal in berop op har leden docht.

Der komme hieltyd minder minsken yn de tsjerke en der is hieltyd minder jild beskikber. De tsjerke wol no witte oft der noch wol takomst is, en hoe't dy takomst der dan neffens de leden útsjocht. Ek Fryske tsjerkegongers wurde útnoege om oan it ûndersyk mei te dwaan.

De tsjerke ferwachtet dat 25.000 leden de enkête ynfolje sille.

De enkête is hjir te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)