Man slacht buorman yn it gesicht
In 21-jierrige Ljouwerter hat moandeitemoarn syn buorman (49) yn it gesicht slein. De twa krigen spul op strjitte, yn Camminghabuorren-Noard yn Ljouwert. Der ûntstie in wrakseling, wêrby't beide manlju ferwûnings oprûnen. Nei de klap is de jongste Ljouwerter oppakt foar mishanneling.