Dieven stelle sigaretten út winkel yn Hallum

17 feb 2015 - 10:13

Ynbrekkers hawwe yn de nacht fan moandei op tiisdei in grut tal sigaretten stellen út in winkel by in autobedriuw oan de Ljouwerterdyk yn Hallum. De dieders kamen binnen troch in rút fan de winkel yn te slaan.

De plysje is op syk nei tsjûgen dy't wat fertochts sjoen hawwe yn de ôfrûne nacht.

Trefwurden: 
stellerij Hallum sigaretten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)