Tallship Astrid fergien troch minsklike flaters

De 'Astrid' foar de kust fan Ierlân
It tallship Astrid is yn july 2013 troch minsklike flaters foar de Ierske kust op de klippen rûn. Christel de Jong fan Mullum siet op it tallship. De Ierske ûndersyksried hat bekend makke dat der wetter yn de brânstoftank kommen wie. Dêrtroch foel de motor út en rekke it skip stjoerleas.
De ûndersyksried fynt dat de bemanning in ûnferantwurde koers fearn hat, se seagen mear nei de mooglikheden om moaie foto's te meitsjen as nei in feilige koers. It skip rekke total loss en is sloopt.