"Lit de earste ljippelech lizze en nim de rest mei"

De earste lech lizze litte en de twadde en tredde opsykje. Dat is it idee fan Wijbe de Vries fan Tytsjerk om it ljipaaisykjen en de ljip te rêden. Neffens De Vries giet de twadde en tredde lech no faak ferlern troch lânwurk en rôvers, ensafuorthinne. Troch dy aaien op te sykjen en yn briedmasines út te brieden kinne der folle mear ljippen komme. De skries soe sa mooglik ek holpen wurde kinne, seit De Vries.
De sulveren ljip foar it earste aai wol De Vries yn de takomst útrikke oan dejinge dy't de measte aaien binnenbringt.