Larsson docht snein net mei tsjin Grins

16 feb 2015 - 17:16
  • Sam Larsson fan SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean moat it kommende snein yn de noardlike derby tsjin FC Grins dwaan sûnder Sam Larsson. De Sweed rûn yn de wedstriid tsjin Cambuur in hamstringblessuere op. De kommende dagen moat dúdlik wurde hoe slim oft it is en hoe lang oft er út de rûlaasje is.

Joey van den Berg rekke ek blessearre. Hy hat knibbelklachten. Foar him is it noch únwis oft hy der snein by wêze kin tsjin Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)