Fraude mei toets op Magister Alvinus yn Snits

16 feb 2015 - 17:05

Op skoallemienskip Magister Alvinus yn Snits hat in Havo-5 learling fraudearre mei in natuerkunde-toets. De learling slagge deryn tagong te krijen op ynternet ta de toets, wêrnei't er mei twa oare learlingen de toets op de foto sette en fersprate ûnder oare learlingen.

Ut ûndersyk fan de skoalle docht bliken dat seker fiif oare learlingen de foto's foar de toets sjoen hawwe. De direksje fan Magister Alvinus hat maatregels tsjin de hacker en de oare learlingen naam.

De 'hacker' krijt op twa natuerkundetoetsen in '1' en hy moat him dêrnjonken thús tariede op it eksamen. De oare learlingen krije ek in '1' en gjin werkânsing. De skoalle hat de fraude melden by de Underwiisynspeksje. It ICT-befeiligingssysteem hat de skoalle ûndertusken oanpast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)