Fiif fertochten oppakt foar oerfallen yn Fryslân
De plysje hat fiif minsken oanhâlden dy't fertocht wurde fan oerfallen yn Fryslân. It giet om trije manlju en in frou út Ljouwert en in man út Amsterdam. Ien fan de oerfallen wie begjin jannewaris yn Snits. Doe is geweld brûkt. De plysje slút mear oanhâldings net út.