Cambuur genietet nei fan oerwinning fan snein

De Cambuurseleksje, trainer Henk de Jong en de supporters fan de klup genietsje nei fan de oerwinning yn de Fryske twastriid fan snein. Yn in kolkjend Cambuurstadion waard Sportklup Hearrenfean mei 2-1 ferslein.
Spilers en trainer fan de Ljouwerter klup waarden moandeitemoarn by de útintraining bejubele troch de fans. It tempo op de training leit wol wat leger, mar op en oan it fjild is de eufory der net minder om. De supporters binne grutsk op harren seleksje.