Reade tried: Jouwe jo ek wer mear jild út?

Der is foar it earst sûnt 2008 wer sprake fan in taname fan de winkelferkeapen. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek. Winkels ferkochten ien persint mear. Benammen yn it lêste kwartaal diene de winkellju goeie saken. Benammen elektroanika-saken, boumerken en drogisterijen seagen de omset omheech gean. Hoe is dat by jo? Jouwe jo ek wer mear jild út, of hâlde jo noch hieltyd de hân op de knip?
Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.