"Iepening Reidmarfarrûte goed foar toerisme"

© ANP
Iepening fan de Reidmarfarrûte kin fan Boalsert in belangryk knooppunt yn de lytse rekreaasjefeart en it kultuertoerisme meitsje. Dat sizze Boalsert Promotion, Bedriuweferiening Boalsert en Stedsbelang Boalsert yn in brief oan de riedsfraksjes fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
De gemeenteried praat tongersdei oer in bydrage fan 625.000 euro foar de iepening fan de rûte. Dêrmei krijt de stêd in direkte ferbining mei it marregebiet by Heech. Neffens de ynstânsjes kin mei de iepening fan de Reidmarrûte stêd en plattelân better ferbûn wurde.