Keeper Wieger Sietsma fan Grins nei SC Hearrenfean

16 feb 2015 - 14:12

Sportklup Hearrenfean hat foar takom seizoen keeper Wieger Sietsma oanlutsen. De 19-jierrige keeper komt oer fan FC Grins, dêr't hy de jeugdoplieding trochrûn hat en op dit stuit yn de seleksje sit fan it belofteteam. Wieger Sietsma makke it foarige seizoen syn debút foar Oranje ûnder 19 jier. Hy tekenet by SC Hearrenfean in kontrakt foar trije seizoenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)