Blaasproef oan de doar tsjin komadrinkerij by jeugd

Blaasproeven oan de doar by feestjes dêr't jongerein komme, soe in oplossing wêze foar it probleem mei jonge komadrinkers. Jongerein fine it neffens bernedokter Tjalling de Vries fan it MCL stoer om foar in feest earst yn te drinken. Kontrôle oan de doar soe helpe om dronken jongerein te kearen om sa foar te kommen dat se harren út de tiid sûpe.
It ôfrûne jier binne 31 jonge komadrinkers yn it MCL behannele. Dat is mear as de jierren dêrfoar. It giet benammen om jeugd fan 13 en 14 jier.