Dief kentekenplaten pakt op It Hearrenfean

Plysje © ANP
De plysje yn It Hearrenfean hat sneintejûn in 32-jierrige man út Den Haach oanhâlden nei't dy twa kentekenplaten stellen hie. De plysje krige in tip dat yn Easterwâlde in auto sûnder ljochten oan ried. De plysjes folgen de bestjoerder ûnopfallend nei It Hearrenfean. Se seagen dêr dat de man by in bedriuw oan de Haskerútgong twa kentekenplaten fuorthelle fan in parkearde auto. De man is fuortendaliks oanhâlden en fêstsetten.