Follybalsters Snits ferlieze by Eurosped yn Almelo

15 feb 2015 - 21:47
  • Coach Petra Goenland oan it wurd

De follybalsters fan Snits ha de lêste reguliere wedstriid yn de earedivyzje mei 3-1 ferlern. Yn Almelo wie Eurosped (Topfollybal Twente) te sterk. De setstannen: 25-21, 26-24, 16-25 en 25-19. Sliedrecht Sport begjint as koprinner oan de play-offs. Snits is de nûmer twa. It kommende wykein stiet yn it teken fan de nasjonale beker. De froulju fan coach Petra Groenland spylje sneon yn Zwolle de heale finale tsjin Taurus. By winst is snein de winner fan Sliedrecht Sport-Peelpush de tsjinstanner yn de finale. Snits is bekerhâlder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)