UNIS Flyers wint maklik by Eindhoven

© Nicolien Sijtsema
UNIS Flyers hat de lêste reguliere wedstriid yn de kompetysje mei 13-2 wûn by Dolphin Kemphanen Eindhoven. De perioadestannen: 2-5, 0-6 en 0-2. Mitch Bruijsten wie de tûkste Flyers mei fjouwer treffers, Marcel Kars makke trije. De play-off wedstriden om it kampioenskip kinne no begjinne. De Flyers treffe yn de heale finale Laco Eaters Geleen. De heale finale en finale wurdt spile neffens 'de bêste fan sân' searje.