Syktocht mei Signi-hûnen nei fermiste Jouster

15 feb 2015 - 18:40

By Broek is snein mei hûnen socht nei de fermiste Nico Post. De sykaksje hat neat opsmiten. De 78-jierrige Jouster is sûnt 23 jannewaris spoarleas. Der soene oanwizings wêze dat er yn it wetter leit. De wetterplysje hat earder ek al mei dûkers en in helikopter nei de man socht.

No binne de speurhûnen fan Signi ynset. Dat is in non-profit-organisaasje dy't speurhûnen traint. De lêste tiid hat Signi mei súkses in pear lang rinnende gefallen fan fermissing oplost.

Njonken Post is ek de 38-jierrige Snitser Gert-Jan Luimstra al in skoft fermist. De plysje is noch wol aktyf yn beide fermissingssaken, mar seit hast gjin oanknopingspunten te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)