Arjan Stroetinga earste wrâldkampioen op de massastart

Arjan Stroetinga waard snein de earste wrâldkampioen op de massastart. By it WK ôfstannen yn Thialf wûn Stroetinga yn in tige spannende einsprint. Op de einstreek wist de maratonrider fan Waskemar syn konkurrinten Fabio Francolini en Alexis Contin mei muoite efter him te hâlden. De Italiaan Francolini pakte it sulver. De Frânsman Alexis Contin pakte it brûns op it allerearste WK massastart.
By de froulju waard Irene Schouten de wrâldkampioene massastart. Sy wûn foar de Kanadese Ivanie Blondin en Mariska Huisman, dy't sulver en brûns pakten.