Snits Wyt Swart ûnderút by Alcides

15 feb 2015 - 16:04

Snits Wyt Swart ferspile snein djoere punten troch mei 3-1 te ferliezen by Alcides. Yn Meppel begûnen de Snitsers ynspiraasjeleas. Alcides profitearre optimaal fan it matige spul fan de ploech fan trainer Berry Zandink troch yn de earste helte út te rinnen nei in komfortabele 2-0 foarsprong by rêst.

Nei rêst kamen de Snitsers better út de klaaihokken. Erolind Dergutti soarge foar nije kriich by Snits Wyt Swart mei de oanslutingstreffer. Yn stee fan de lykmakker makke Alcides de 3-1 en smiet dêrmei de wedstriid definityf yn it slot.

Trefwurden: 
Snits fuotbal Snits Wyt Swart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)